Fryske Fespertsjinst

Sneintejûn 23 maart is der wer de moanlikse Fryske fesperfiering yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. Yn dizze fiering is dûmny Wietske Tinga de foargonger. Peter van de Zwaag, ús fêste oargelist, spilet op it oargel en diskear sil it Huzumer Kwartet foar en mei ús sjonge. Dêr binne we wer hiel bliid mei. Alex Riemersma sil de psalmlêzing dwaan en in foardracht lêze.

Foar wa‘t net komme kin is der gelegenheid om tagelyk of op in letter tiidstip dizze fiering mei te fieren fia de webside: www.jacobijner.nl. Wolle jo tenei yn it foaren de folsleine Oarder fan Tsjinst tasjoerd krije dan kinne jo in berjocht stjoere nei fryskefesper@gmail.com.

Wa’t in bijdrage jaan wol foar de ekstra kosten fan de livestream kin dit oermeitsje nei it rekkennûmer: NL29INGB 0004 3194 90 fan Stichting Krúspunt, mei fermelding fan: ‘Fryske Fesper’.
Wy winskje mekoar wer in goede fiering ta, eltsenien fan herten wolkom.
It begjint om 19.00 oere.
De earstfolgjende fiering sil wêze op 27 april.

Snein: 23 maart om 19.00 oere.
Foargonger: dûmny Wietske Tinga
Muzyk: Peter van der Zwaag, oargel
             it Huzumer Kwartet         
Lêzingen/foardracht: Alex Riemersma
Online: www.jacobijner.nl
Oarder fan Tsjinst opfreegje by: fryskefesper@gmail.com